Himpkwekerij fûn by ynfal yn hûs yn Snits

16 feb 2021 - 19:54

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat in drugswente oan de 2e Woudstraat yn Snits sletten. Der siet in himpkwekerij yn it hûs mei 411 planten, die bliken nei in ynfal fan de plysje.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De plysje krige anonime meldingen oer de kwekerij. It hûs is foar de kommende trije moannen sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)