Inspecteur Boelensskoalle op Skiermûntseach komt by Dockinga College

De Inspecteur Boelensskoalle op Skiermûntseach fusearret yn de rin fan it jier mei it Dockinga College yn Dokkum. De skoallen wurkje al langer oan gearwurking, no moat it ministearje fan Underwiis der noch offisjeel tastimming foar jaan. De Inspecteur Boelenskoalle wie te lyts, de lêste jierren skommele it tal learlingen tusken de tweintich en de tritich.
© Google Street View
Fanwege it lege tal learlingen is besletten om as nevenfêstiging fan it Dockinga College yn Dokkum fierder te gean. Neffens de partijen is it goed nijs foar de learlingen op it eilân.