Massaal minder brulloften: Thea har troujurk hinget noch yn 'e kast

16 feb 2021 - 19:03

In coronabrulloft sûnder krûpe, tútsje en dûnsje is foar in soad pearkes net de 'moaiste dei fan har libben'. Friezen stelle dêrom massaal har brulloften út. In flinke teloarstelling, hielendal om't it ek dit jier net wis is oft der feest wurde kin mei in soad minsken en sûnder maatregels. Breid yn spee Thea van der Veen hat twa kear har brulloft útsteld. Har troujurk bliuwt noch seker in jier yn de kast hingjen.

Foto: Omrop Fryslân

Der kamen allegear horrorsenario's yn ús op fan allinnich mar minsken mei mûlkapjes op ús feest, dus we wachtsje no earst ôf ta we wissichheid hawwe.

Thea van der Veen, breid yn spee

Thea en har partner hawwe it ôfrûne jier besletten noch net te trouwen. "Der kamen allegear horrorsenario's yn ús op fan allinnich mar minsken mei mûlkapjes op ús feest, dus we wachtsje no earst ôf ta we wissichheid hawwe", seit se.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei breid Thea van der Veen

It is de bedoeling om een troufeest te hâlden mei 200 minsken. Van der Veen: "Ast jong bist binne der miskien oare redenen om te trouwen troch it swier-wêzen of it leauwen, mar wy binne oer de 40 en dan wolst graach dat leuke feest mei al dy famylje en freonen. Dan sjogge je gijn feest fan mar 15 minsken".

Brulloft fan iepen ein

Har brulloft fan 3 july 2020 is ferpleatst nei 3 july 2021, mar no hat it in iepen ein krigen. Sy wachtsje ôf oant sy wer krûpe en tútsje kinne mei oaren. Ek al betsjut it dat Thea har troujurk net mear past en dat der in streekje giet troch de âlde datum yn it kostúm fan har partner. It troufeest yn Stania State giet hoe dan ek ea troch.

Eigenlijk kunnen we wel stellen dat 2020 en 2021 verloren trouwjaren zijn.

Maria van Tuinen, weddingplanner

De aginda fan weddingplanner Maria van Tuinen wie yn 2020 hast leech. En ek foar 2021 wurde hieltyd mear brulloften ôfsein. "Eigenlijk kunnen we wel stellen dat 2020 en 2021 verloren trouwjaren zijn", seit Van Tuinen. "Vooral de bruiden die al een keer de bruiloft hebben verzet in 2020 zijn heel verdrietig. Maar ze voelen ook berusting op een gegeven moment".

Wol of net

Neffens Van Tuinen wolle de pearkes alles der op en der oan, in feest mei krûpe en dûnsje, en nimme se wer kontakt mei har op as dat wer kin. Se hat ek meimakke dat in stel besletten hat sawiesa net mear te trouwen: "Omdat ze elkaar toch niet zo leuk bleken te vinden in coronatijd. Het is verdrietig dat ook dat kan gebeuren."

Mar sa no en dan wurdt der wol troud yn coronatiid. It giet dan om brulloften fan bygelyks minsken dy't sike âlden hawwe of in deiprogramma it wichtichste fine en it feest letter wol dwaan wolle. Maria van Tuinen hat in baan neist it plannen fan brulloften, mar se sjocht wol dat der in soad kollega's fan har binne dy't it swier hawwe.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei weddingplanner Maria van Tuinen

(Advertinsje)
(Advertinsje)