IIswaar sukses foar ferieningen: iisklup Goutum hat der 200 leden by

It winterwaar fan de ôfrûne tiid hat fertuten dien foar iisklups: de ferieningen seagen it ledetal tanimmen. "Wij hebben er een kleine 200 leden bijgeschreven," fertelt foarsitter Gerard Drost fan IJsclub Goutum e.o. It sukses komt ek mei om't iisbanen faak allinne iepen wiene foar leden, fanwege it coronafirus. "Vrijdag was het zo druk, toen hebben we 's ochtends gezegd: we stoppen er mee, het wordt te druk." De klup stelde in ledestop yn.
De iisbaan yn Goutum fan IJsclub Goutum e.o. © Omrop Fryslân, Andries Bakker
"De nieuwe leden kwamen er met tientallen per uur bij," seit Drost. Dat komt ek om't de iisklup yn Goutum wurket mei in 'gezinslidmaatschap,' sa't fuortendaalks it hiele húshâlden ynskreaun is. "Al die mensen moeten ook een plek hebben op de baan, dat kon in het kader van corona natuurlijk niet. Dus toen hebben we de inschrijving gestopt. Helaas voor hen die te laat waren, maar het is maar zo."
Wa't foar de kommende iisdagen better taret wêze wol, kin him no wer ynskriuwe by de iisklup yn Goutum. "Hopelijk kunnen we volgend jaar weer schaatsen en is corona voorbij. Dan kunnen er ook wat meer mensen op de baan." Dat sil lykwols noch wol efkes duorje. "Het wordt kortebroekenweer dit weekend."
Foarsitter Gerard Drost fan 'IJsclub Goutum e.o.'