FIDEO: ûnwissens oer de jûnsklok

16 feb 2021 - 18:02

Hoe't it krekt komt mei de jûnsklok is noch hieltyd net dúdlik. Nei in rjochtsaak besliste in rjochter dat de jûnsklok fuortendaalks fan de baan wie. Mar it demisjonêre kabinet wol dat de jûnsklok bliuwt en hat ynset op in heger berop. Mei in fersyk ta it ferwegerjen troch Viruswaarheid rint it beslút noch mear fertraging op. In soad ûnwissens dus. Op de Fryske strjitten rinne de reaksjes útinoar: de ien fynt wat mear frijheid wol wer noflik, de oar is benaud foar de gefolgen foar it firus.

Junsklok

Trefwurden: 
coronafirus jûnsklok
(Advertinsje)
(Advertinsje)