Iuwenâlde sport soarget yn Earnewâld foar iiswille: piksjitte

Yn Earnewâld waard tiisdei in iuwenâlde tradysje wer libben ynblaasd: piksjitte. It hat wol wat fan jeu de boules wei, mar it wurket wer krekt wat oars: mei blokken hout, sinten en tei-iis. Dat lêste is ek de reden dat de tradysje ûnder druk stiet. "Wy hawwe sels in piksjitferiening hân yn Earnewâld, mar it kin allinne mar as der iis leit en der teiwaar komt," seit Hendrik Wester. "De gemalen draaie noch net, de sinne skynt net en it hat reind. Dus dan kinne je it in pear dagen folhâlde."
Piksjitte yn Earnewald
"It is hjir sterk genôch. As it riden hjir dien is, sette wy útein mei it piksjitten. Dat dogge wy mei houten blokken mei lead der yn," leit Wester út. "Der komme sels minsken út it wurk wei, dy't hjir spesjaal efkes frij foar nimme. De jongerein fan 14-15 jier docht ek mei." Wester fynt it prachtich.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma by it piksjitten
It wurket mei houtsjes, dêr't lead yn sit. Dêrmei moat in oar houten blok rekke wurde, dêr't sinten op lizze. Falle dy der ôf en lizze de munten mei de kop omheech, dan hat de spiler se wûn.

Frysk kampioenskip

"Eartiids diene sy it oer hiel Fryslân wol. De skippers en de reidsnijers dy't noch net te farren koene of nei it fjild koene, dy diene oan piksjitten. Foar de ferdivedaasje," jout Wester oan. "Eartiids wie it ek yn Top en Twel, Sleat, Wergea. Der hat ris in Frysk kampioenskip west. Dat wie geweldich. Fyftich man op It Wiid, middeis oan de snert en de bearenburch. In Frysk kampioenskip doare wy no net oan mei it iis."

Piksjitparkearterrein

IIs is krekt it grutte probleem: dat is nedich foar it piksjitten. En dat bart hjoed-de-dei hieltyd minder. "De lêste kear hawwe wy it op stiennen dien, doe't der izel wie. Op in parkearterrein. Mar ja: dat is it net."
Harm de Vlas leit út hoe't it spul wurket
Piksjitte op It Wiid by Earnewâld, in âlde tradysje op tei-iis © Omrop Fryslân