Deputearre Poepjes wol prate mei âld-winners 'Gysbert' oer soargen

16 feb 2021 - 16:59

Deputearre Sietske Poepjes giet graach it petear oan mei fjouwer âld-winners fan de Gysbert Japicxpriis, dy't deroer yn sitte wa't de priis takent. Eppie Dam, Aggie van der Meer, Koos Tiemersma en Abe de Vries skriuwe yn de Ljouwerter Krante fan tiisdei dat se har soargen meitsje oer it feit dat de advyskommisje, oftewol de sjuery, net folslein bestiet út literêr spesjalisten.

Aggie van der Meer en Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Koos Tiemersma

De advyskommisje is in soart sjuery. Dy stelt in winner foar oan de provinsje. De provinsje nimt dat advys oer en beneamt de winner. De sjuery wurdt dit jier foarme troch Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Heeg wurket as freelance akteur foar telefyzje en ferskate teäterselskippen, Hilarides is skriuwer en kultuermakker. Van der Velde is wurdfierder en beliedsstrateech by de Algemene Werkgevers Vereniging Nederland en is Afrika-saakkundige. Hy wie ek mear as tsien jier bestjoerslid fan Tresoar.

Net inkeld literêr spesjalisten yn sjuery

Neffens de fjouwer âld-winners is der in grut ferskil tusken de Gysbert Japicxpriis en de P.C. Hooftpriis, de belangrykste literêre priis foar Nederlânsktalich wurk. Yn de sjuery fan dy lêste sitte inkeld spesjalisten op literêr terrein, mar yn de Fryske net, skriuwe Dam, Van der Meer, Tiemersma en De Vries. "Wy wolle, as literêre skriuwers, as leafhawwers fan Fryske literatuer én as de Gysbert-laureaten fan 2019, 2017, 2015 en 2005, ús soarch hjiroer útsprekke."

Har wurk hat der rjocht op om hifke te wurden op literêre kwaliteit, troch lju dy't mei publikaasjes bewiisd hawwe dat sok hifkjen har tabetroud is.

Fjouwer âld-winners fan de Gysbert

"Skriuwers en dichters binne literêre keunstners en hawwe it rjocht om op it foarste plak as sadanich sjoen en behannele te wurden", skriuwe de âld-winners yn de krante. "Har wurk hat der rjocht op om hifke te wurden op literêre kwaliteit, troch lju dy't mei publikaasjes bewiisd hawwe dat sok hifkjen har tabetroud is."

De fjouwer âld-winners freegje kultuerdeputearre Poepjes om dúdlikheid te jaan oer it belied oangeande de priis en it sykjen fan de leden fan de advyskommisjes.

Advys Tresoar folge

"Ik gean hiel graach it petear oan", seit Poepjes yn in reaksje. De provinsje kriget de nammen fan de sjueryleden altyd as advys troch fan Tresoar. "It kolleezje hat oprjocht it advys fan Tresoar folge, omdat we fine dat it in goed advys wie en dat dêrmei in goede Gysbert Japicx-priis útrikt wurde kin."

De Gysbert Japicxpriis wurdt alle twa jierren útrikt: de iene kear foar Frysktalich proaza, de oare kear foar Frysktalige poëzy. Dy lêste kategory is dit jier oan bar.

Deputearre Poepjes oer de soargen fan de âld-winners

(Advertinsje)
(Advertinsje)