Sa sjogge de skuorren yn de Aldehou der út: "Wol slimmer as wy tochten"

16 feb 2021 - 16:46

"De Aldehou is grut en grou, jou my in stoer, dan spring ik der oer," sa giet in âld ferske. Grut en grou is er noch wol, mar de Ljouwerter toer is net mear sa stevich as nei de renovaasje fan 1910-1911, sa die tiisdei bliken. Dan giet it net om de toer sels, mar mear om de klokflier. "It wie wol slimmer as dat wy tocht hiene. Gewoan ûnderhâld is net foldwaande: wy moatte in gruttere restauraasjeslach meitsje," seit projektlieder Johan Jorritsma.

De skuorren yn de Aldehou

De Aldehou stiet bryk, mar sil net omfalle. "Op dy fraach kin ik rap antwurdzje: fansels net. Dy toer stiet al hiel lang bryk. De flier dêr't de klokken op steane sit der ek moai rjocht yn. Dat wol sizze dat yn 1910 de toer ek al bryk stie."

De bedoeling wie earstoan om wat ûnderhâld te dwaan oan de stielkonstruksje fan de flier en om wat mitselwurk op te knappen. "Mar it die bliken dat der op in hichte fan 14 meter fan de earste ferdjipping ôf dochs wat mear oan de hân te wêzen," seit Jorritsma. "De stielen lizzers dy sitte tusken de ferwulften wiene bot oantaast. Mar goed, nei sa'n 110 jier hâldt it in kear op. Wy hawwe no besletten om in imitaasje te meitsjen fan de flier. Om sa wol eare en rjocht te dwaan oan it moaie gebouw."

Flier kin net behâlden wurde

De flier dy't der no yn sit kin - spitigernôch, sa fynt Jorritsma - net behâlden wurde. "De restauraasje-oannimmer hat wol besocht safolle mooglik materiaal te sparjen. Want je geane wol foarsichtich om mei in monumint. Behâlde slagget net hielendal, dêrom geane wy foar in goede imitaasje fan de âlde flier. Dat is eins yn ús fakgebiet in lêste kar dy't je meitsje wolle. Mar yn goed oerlis mei de ynstânsjes lykas Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed, Welstands- en Monumentenzorg en de gemeente hawwe wy besletten foar sa'n imitaasje te gean."

Jorritsma wol de opskuor oer de toer wol delbêdzje. "It is mar in lyts part fan de toer. It is net goed, mar aldergeloks is de haaddraachkonstruksje fan de klokken noch yn in aardich goede steat. In grutte stielen klokkestoel. Mei dizze behanneling kinne wy dy ek wer goed konservearje en yn de ferve sette."

Pear moannen wurk

De projektlieder tinkt dat it wurk in pear moannen duorje sil. "Wy binne no noch oan it tarieden, want alle ynstânsjes moatte der by belutsen wurde en wy hawwe in fergunning nedich. Wy hoopje foar it toeristeseizoen wer safolle as mooglik klear te wêzen."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn de Aldehou

Trefwurden: 
Ljouwert Aldehou renovaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)