Operaasje Fryske Flagge: Douwe van der Meer yn Istanboel: "Wykeins net nei bûten ta"

16 feb 2021 - 16:35

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike fertelt Douwe van der Meer oer syn libben yn Turkije. De coronamaatregels dêr binne stranger as yn Nederlân.

Douwe van der Meer, Operaasje Fryske Flagge - Foto: Douwe van der Meer

Douwe van der Meer yn Istanboel

Douwe wennet sûnt oktober yn Istanboel. Hy hat gjin Fryske flagge oan de muorre te hingjen, lykas doe't er yn Georgië wenne. Yn Istanboel is Douwe te werkennen oan syn Fryske mûlkapke en Fryske sjaal. De flesse bearenburch dy't er meinaam hat, is spitigernôch allang op. "Ik mocht mar ien flesse drank meinimme."

Syn ynteresse foar Turkije ûntstie doe't er as studint Ynternasjonale Betrekkingen op útwikseling yn Ankara wenne. Dêr is er langer bleaun as earst it doel wie. Ofrûne jier woe er in master dwaan. Dat koe inkeld online, dat seach er net sitten en sadwaande dat no in tuskenjier naam hat. Hy wurket en docht in taalkursus Turksk.

Goed en goedkeap

It is hjir goed út te hâlden, fertelt Douwe. "It libben is goed en bêst wol goedkeap." Hy wennet yn in appartemintekompleks oan de Bosporus. "Ik wenje hjir no mei trije Kroaten, in Marokkaan en ien Turk. Hy is profwrakseler en folget in topsportdieet fan 4000 kaloryen deis. Hy stiet in soad yn de keuken en dan ite wy tegearre. Mei him oefenje ik it Turksk en hy leart wer Ingelsk fan my."

De kost fertsjinnet Douwe mei online wurk foar in Nederlânsk bedriuw dat ûnderwiismateriaal ûntwikkelet. Hy makket mearkarfragen foar it fak ekonomy. It salaris is nei Nederlânske mjitstêven en dat is foardielich, want it libben is folle goedkeaper yn Turkije en dus kinst mear mei de sinten.

Yn Turkije hawwe se ek in jûnsklok fanwege corona. Wat dêr ekstra bykomt, is datst yn it wykein hielendal net nei bûten ta meist. "It is hjir stranger as yn Nederlân." Bûtenlânske toeristen meie der dan wol út, mar dêr is Douwe no te lang foar yn it lân. Hy wit noch net hoelang oft er yn Turkije bliuwt. Hy hat in ferbliuwsfergunning oanfrege, dus dat is noch ôfwachtsjen.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)