Nije namme soarchplak yn eardere gemeentehûs Menaam: IenhoarnState

Yn it eardere gemeentehûs fan Menameradiel yn Menaam komt in wenlokaasje mei 30 apparteminten foar minsken mei demintens. Soarchorganisaasje KwadrantGroep hat no de nije namme foar de lokaasje bekend makke: IenhoarnState. It is neffens de organisaasje in earebetoan oan de âlde gemeente Menameradiel.
It âlde gemeentehûs yn Menaam © KwadrantGroep
Op it âlde gemeentehûs is de ienhoarn meardere kearen sichtber en it stie ek yn it wapen fan de gemeente. It fabeldier stiet foar dapperens, striidlust, frijheid, gelok en krêft. De ferwachting is dat de earste bewenners yn maaie nei IenhoarnState ferhúzje kinne.