Fjouwer fertochten foar rjochter foar oerfal op 93-jierrige frou yn Drachten

16 feb 2021 - 15:48

Justysje easket 3,5 jiel sel tsjin in 19-jierrige man sûnder fêst wenplak, foar in oerfal op in frou fan 93 yn Drachten. It slachtoffer waard yn oktober 2019 thús oerfallen troch twa manlju, twa oaren bleaune bûten op 'e útkyk stean. De oerfallers mienden dat der in soad jild te heljen wie. Wylst ien fan harren it hûs trochsocht, hold de oare it slachtoffer yn betwang. Se naaiden út mei in jildkistke, dêr't wat âlde munten yn sieten en brieven fan har ferstoarne man.

Rechtbank Noord-Nederland - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertochten waarden in heal jier nei de oerfal oanhâlden. De oare fertochten wiene in 19-jierrige man fan Gerkeskleaster en in 19- en 21-jierrige man fan Drachten. Se ha allegear bekend. De oare trije fertochten komme tiisdei, woansdei en op in letter momint foar de rjochter. De rjochtbank docht begjin maart útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)