Stasjonskertier Ljouwert: fan postsortearsintrum oant modern wurkplak

16 feb 2021 - 15:31

It âlde postsortearsintrum by it stasjon yn Ljouwert is kocht troch projektûntwikkelder Jaap Hoekstra. Hy wol hjir plak jaan oan bedriuwen en kulturele organisaasjes. Oant 2011 siet it Provinsjehûs der tydlik yn en dêrnei hat it jierren leech stien. Der hat efkes sprake west dat der in asylsikerssintrum yn komme soe, mar ek dat is fan de baan. Ek al binne de ekonomyske foarútsjoggen net al te bêst, Jaap Hoekstra sjocht de takomst posityf yn.

Postsortearsintrum

In sterk punt fynt Hoekstra de lokaasje. "It is neist it trein- en busstasjon, dus der is in goede ferbining mei Grins en it is by de ynfalswei Ljouwert yn. Boppedat binne der 250 parkearplakken." It plak hat ek al in nije namme: Stationskwartier Leeuwarden.

It gebou sil kommende tiid opknapt wurde, sa wurdt it fossylfrij makke. "Earst knappe we de yntree op en de ûnderste ferdjipping. Wy wolle it beton wer sichtber meitsje yn de styl fan it brutalisme." Yn de tuskentiid kinne nije hierders al wol te plak. "Der binne sa'n 5 oant 10 hierders dy't der no al yn sitte of dy't de kommende tiid komme. En wy binne mei 15 hierders yn petear." It is ek de bedoeling dat der hoareka yn komt, ek dêr rinne petearen oer.

Projektûntwikkelder Jaap Hoekstra

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
(Advertinsje)
(Advertinsje)