Goed 4.000 poppen yn greide by Moarre foar omtinken flechtlingekampen

16 feb 2021 - 15:12

By Moarre steane begjin april tûzenen poppen yn de greide. Dy steane symboal foar bern dy't sûnder har âlden yn flechtlingekampen ferbliuwe, lykas yn it Grykske Moria. De inisjatyfnimmers sykje famyljes, doarpen, wiken en skoallen yn Noard-Nederlân dy't de 4.222 poppen meitsje wolle.

In hantlieding om de poppen te meitsjen - Foto: Sharon Postma

Troch omtinken te jaan foar de bern yn flechtlingekampen, wolle de inisjatyfnimmers dat it ûnderwerp boppe-oan de aginda komt by it nije kabinet en de Twadde Keamer.

Oare karren meitsje

"Daarnaast staat wat ons betreft elke pop die gemaakt wordt voor een gesprek aan de keukentafel over de kinderen daar en de omstandigheden waarin ze leven", seit Sharon Postma. Sy is ien fan de inisjatyfnimmers. "Door kinderen en jongeren te betrekken hopen we de politiek van morgen positief te beïnvloeden zodat zij later andere keuzes maken."

Vluchtelingenwerk stipet de aksje. Yntusken ha de earste minsken ha al meld om mei te helpen. De poppen krije elk in shirt of jaske oan. Dy klean wurde letter nei in flechtlingekamp brocht.

Poppen yn de greide

Trefwurden: 
flechtlingen Moarre Moria
(Advertinsje)
(Advertinsje)