Tjongerschans tiisdei wer ekstra oan it wurk om lêste iisslachtoffers te helpen

16 feb 2021 - 15:06

De iiswille is foarby, mar de sikehuzen fernimme de gefolgen noch hieltyd. It Feanster sikehûs Tjongerschans wurket foar de fjirde dei op rige jûns troch om pasjinten mei brutsen polzen, ankels, heupen en earms te operearjen.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De ôfrûne dagen hat Tjongerschans fjirtich minsken operearre dy't slachtoffer wurden binne fan it iis. Yn totaal ha de ôfrûne dagen mear as 200 iisslachtoffers by it Feanster sikehûs west.

"Het is echt druk geweest de voorbije dagen", seit Johan Beugeling. Hy is teamlieder op de operaasjekeamers. "Dankzij de inzet van heel veel extra mensen zijn we in staat om deze extra zorg te leveren, bovenop de zorg die al gepland stond. Want die wilden we per se niet afzeggen."

Noch 30 minsken op de list

"Op dit moment hebben we nog ongeveer 30 mensen op de lijst staan om te opereren", seit Beugeling. "We gaan deze mensen zo snel als mogelijk helpen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)