Watersportverbond: Meitsje Lauwersmar by Dokkumer Djip djipper

It Watersportverbond wol dat it stik Lauwersmar by it Dokkumer Djip djipper wurdt. De fargeul moat ek breder wurde op it plak dêr't it Dokkumer Djip oergiet yn de Lauwersmar. De geul is sa smel dat skippen geregeld oan de grûn reitsje, seit it Watersportverbond.
© Google Street View
De mar sliket by it Dokkumer Djip al in skoftke ticht. Guon ferieningen en jachthavens oan de Lauwersmar ha der lêst fan, omdat it wetter net mear djip genôch is om trochhinne te farren.
Troch it wetter djipper en breder te meitsjen, komt it fargebiet beskikber foar lokale jachten dy't yn de Lauwersmar farre, mar ek foar de jachten dy't de Staande Mastroute farre.
It Watersportverbond freget no oan de Klankbordgroep Lauwersmeer om oan de slach te gean mei it fersyk. Yn dy groep sitte minsken fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en de gemeenten dêr't it gebiet yn leit.