Krityk op gaswinning by De Gordyk: fragen oer gong fan saken

16 feb 2021 - 14:58

Seis partijen yn Provinsjale Steaten ha krityk op de gong fan saken wat de gaswinning by De Gordyk oanbelanget. It Ryk en gaswinbedriuw Vermilion geane troch mei de gaswinning, sûnder dat bewenners, gemeenten en de provinsje op de hichte brocht binne. PvdA, FNP, GrienLinks, SP, D66 en de Partij voor de Dieren stelle no fragen oer hoe't it gien is.

Foto: ANP

Trochdat it Ryk de fergunning ferlinge hat, kinne yn it gebiet oant 2039 nije gaswinningen begjinne en fergunningen ferlinge wurde. Under it gebiet falle winningen yn Weststellingwerf en it Drintske Westerveld.

Minne kommunikaasje

"We vragen ons af of de procedures in de mijnbouwwet die de informatievoorziening regelen nog wel afdoende zijn", seit Jochem Knol fan GrienLinks. "Wisten de provincie en de gemeentes hiervan? Bewoners zijn over deze verlenging niet of nauwelijks geïnformeerd en er is wederom veel onrust ontstaan. Draagt deze manier van werken bij aan het vertrouwen in de overheid?"

De provinsje tekenet beswier oan tsjin de ferlinging. De seis partijen wolle dat de provinsje de soargen oer de minne kommunikaasje dêryn ek meinimt.

"WC-eend adviseert WC-eend"

Knol betwivelet ek oft de effekten fan de gaswinning wol goed besjoen wurde. "De effecten van de winningen worden in beeld gebracht door informatie van de initiatiefnemer zelf, Vermilion. We hopen dat ook dit punt door de provincie naar voren wordt gebracht in haar bezwaar. Er ontstaat op die manier namelijk twijfel of deze informatie wel objectief is. Want je vraagt je toch af of hierbij geldt: WC-eend adviseert WC-eend?"

Mei-inoar ha de seis partijen gjin mearderheid yn de Steaten. Se komme op 18 fan de 43 sitten.

Jochem Knol fan GrienLinks

(Advertinsje)
(Advertinsje)