Rutte: "We roepen iedereen op om zich aan de avondklok te houden"

16 feb 2021 - 14:10

Premier Rutte freget minsken om noch altyd jûns foar 21.00 oere thús te wêzen. De rjochter sette fan 'e moarn in streek troch de jûnsklok. "Maar we roepen iedereen op om zich aan de avondklok te houden", seit Rutte. "Het is van belang dat we onze sociale contacten zoveel mogelijk beperken. Doe dat voor jezelf, maar ook voor elkaar."

Rutte oer jûnsklok

"Het opschorten van de maatregel zou direct een ernstig gevolg hebben voor het bestrijden van het coronavirus", seit de premier. "Als de avondlok op dit moment niet op de juiste juridische basis zou berusten, dan betekent dat nog niet dat hij niet nodig is. De avondklok is geen middel maar een doel, om het virus zoveel mogelijk onder controle te houden."

Heger berop

De regearing giet yn berop tsjin de útspraak fan de rjochter. Minister Grapperhaus wol graach dat de jûnsklok jilden bliuwt, salang't it heger berop noch net behannele is. Dêroer tsjinnet tiisdeitemiddei in saak by it Hôf.

It kabinet wol no in spoedwet meitsje om de jûnsklok yn fêst te lizzen. Dan soe der in bredere juridyske basis wêze.

De parsekonferinsje fan Rutte en Grapperhaus oer de jûnsklok

(Advertinsje)
(Advertinsje)