Earste coronafaksinaasjes op It Amelân: Anton en Annie binne bliid dat it safier is

16 feb 2021 - 14:41

Fryslân hat der sûnt tiisdei in twadde faksinaasjelokaasje by, njonken it WTC-Expo yn Ljouwert. En it is in mobilen-ien. In ploech meiwurkers fan de GGD is tiisdeitemoarn betiid nei It Amelân ôfreizige om dêr in groep eilanners yn te intsjen tsjin it coronafirus. De kommende dagen komme de oare eilannen ek oan bar. De spesjale faksinaasjeronde is der kaam op oanstean fan boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân.

Faksinaasje op It Amelân

Annie IJsselmuiden en Anton Brouwer hawwe him krekt hân - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Anton Brouwer (86) en Annie IJsselmuiden (84) wiene tiisdei as earsten oan bar. Annie is bliid dat se it dien hat, want stel dy foar datst it krigest en noait wer better wurdst, fertelt se. Sokke dingen dogge wy wol oan mei. It is derfoar, follet har man Anton oan. As jo sa âld binne as wy, dan hawwe je net folle te ferspyljen. Annie en Anton wiene noch net salang ferlyn 60 jier troud. De boargemaster hat efkes yn de keamer west, mar in feestje mocht net fanwege de corona.

Anton Brouwer en syn frou Annie Brouwer-IJsselmuiden

De earste pripronde op It Amelân sil noch wol in pear dagen duorje. Op it eilân wenje 3600 minsken en der kinne sawat 450 minsken op in dei in faksinaasje krije. De twadde ronde begint op 23 maart.

Op It Amelân wurde de minsken faksinearre neffens it skema fan it RIVM. Dus earst de 75-plussers en de soarchmeiwurkers. Dat moat omdat op it eilân mear minsken wenje as it minimum. By 400 ynwenners of minder wurde ek minsken ûnder de 75 yninte. Dy binne offisjeel noch net oan bar, mar sy krije wol in faksinaasje as se op Flylân of Skiermûntseach wenje.

Boargemaster Stoel fan It Amelân wit net wannear't er sels oan bar is, Hy is jonger as 60 en moat dus noch efkes wachtsje.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

Kertiermakker Nils van Mourik fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)