MKB Noard: Stipepakketten hâlde ekonomy oerein, noch gjin ûntslaggen en falliseminten

16 feb 2021 - 13:16

De stipepakketten hâlde de Nederlânske ekonomy noch in bytsje oerein. Dat seit Joyce Walstra fan MKB Noard. Troch de needhelp hoege bedriuwen gjin personiel te ûntslaan en gean se noch net fallyt. De krimp is wol in stik minder as yn oare eurolannen. Walstra hat soargen oer Fryske bedriuwen. Hoareka, rekreaasje, kultuer en de winkel- en evenemintesektor lije bot ûnder de coronakrisis.

MKB Noard: Stipepakketten hâlde ekonomy oerein

De Nederlânske ekonomy is it ôfrûne jier mei 3,8 prosint krompen. Dat is de grutste krimp dy't ea metten is, ek grutter as yn it krisisjier 2009. Benammen it sluten fan de hoareka soarge derfoar dat minsken minder jild útjoegen. Ek nei rekreaasje en kultuer gong minder jild. De krimp wie wol in stik minder as yn oare lannen mei de euro.

Yn Fryslân falle de grutste klappen yn de hoareka, de kultuer en by de eveneminten. Winkels yn de binnenstêden hawwe it ek swier mei de ferplichte sluiting fan net-essinsjele winkels. Walstra sjocht in it Noarden ek ljochtpuntsjes. Sa helpe bedriuwen inoar, bygelyks mei in jild-aksje of mei produktferkeap mei de opbringst foar it troffen bedriuw.

Tichte winkels, hjir yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei Joyce Walstra

De bedriuwen hawwe driuwend ferlet fan dúdlikens wannear't wat wer iepen kin. Want de boaiem fan it banksaldo komt by in hiel soad bedriuwen yn sicht, sa heart Walstra om har hinne. Dêr helpt in lytse ferromming fan belje en ophelje (click & collect) ek net genôch foar. It is in drip op de gleone plaat. It helpt de bedriuwen net út de skulden te kommen of om de misrûne ynkomsten wer yn te heljen.

"Fryske bedriuwen te lyts foar stipepakketten"

De FNP yn de Fryske Steaten luts in pear wiken ferlyn oan de belle omdat de lanlike stipe foar troffen bedriuwen troch de coronakrisis net goed oanslút by de Fryske situaasje. Dan giet it bygelyks om de regeling dat in bedriuw stipe kriget as it op syn minst trijetûzen euro fêste lêsten yn de moanne hat. In soad bedriuwen yn Fryslân komme dêr net oan ta, omdat se net grut genôch binne. De partij wol dat de provinsje dêr wat oan docht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)