Advokaat: Jûnsklokboetes wiene 'ten onrechte', moatte weromdraaid wurde

16 feb 2021 - 12:20

De boetes dy't útdield binne oan minsken dy't har net oan de jûnsklok holden, moatte weromdraaid wurde. Dat seit Bart Canoy. Hy is advokaat yn Ljouwert, en hat it fonnis bestudearre fan de rjochter dy't in ein makke hat oan de jûnsklok. "Vanavond kan iedereen weer gaan en staan waar hij wil", seit Canoy.

Foto: CAMJO Media

Bart Canoy

Earder op de dei bepaalde de rjochter dat de jûnsklok fuortendaliks fan tafel moat. De maatregel wie ynsteld op basis fan in needwet, mar neffens de rjochter is der gjin sprake fan in needsitewaasje "sa as it gefal is by in dyktrochbraak".

Gjin 'superspoed'

Mei it fonnis krijt Rutte in tik op de fingers, seit Canoy. Der wie genôch tiid foar de Twadde Keamer om by mekoar te kommen, en in formeel beslút te nimmen oer de jûnsklok. De Keamer hat sels debattearre oer de maatregel. "Dan is superspoed niet aan de orde", seit Canoy.

Hy wiist derop dat it om in 'voorlopig oordeel' giet. "We moeten het ermee doen, het vonnis gaat meteen in werking. Een andere rechter kan anders reageren, maar ik zie dat zwaar in."

Rjochter is dúdlik

De rjochter is dúdlik, seit Canoy. "Deze regeling is ten onrechte geactiveerd. Hij had niet mogen werken. Bekeuringen waren dus ten onrechte. Ze moeten teruggedraaid worden. Ze komen te vervallen, denk ik."

Allinne yn de gemeente Ljouwert al binne der de ôfrûne tiid hûnderten boetes útdield oan minsken dy't jûns nei njoggen oere noch op strjitte wiene.

It Iepenbier Ministearje besjocht watfoar konsekwinsjes de útspraak fan de rjochter hat foar de boetes, seit in wurdfierder.

Nei it petear mei Canoy is dúdlik wurden dat it kabinet yn berop giet tsjin de útspraak. De saak tsjinnet om fjouwer oere. In útkomst soe wêze kinne dat de jûnsklok dochs yn stân bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)