Hantekeningaksje foar ferlinging azc Balk: "In azc ferbûn mei de mienskip"

16 feb 2021 - 10:45

Der is draachflak yn Balk foar in ferlinging fan it besteande asylsikerssintrum mei twa jier. Dat seit Egbert Kroes, ien fan de insjatyfnimmers fan in hantekenaksje. It asylsikerssintrum is ferbûn mei de Balkster mienskip, bygelyks mei de tsjerke en de fuotbalklup. "Wy witte dat der draachflak is. Dat sjogge wy oan de minsken om ús hinne. In soad Balksters binne belutsen by wat der bart yn it asylsikerssintrum."

Foto: Omrop Fryslân

Egbert Kroes

It besteande tydlike asylsikerssintrum soe yn septimber ticht moatte, mar it COA hat de gemeente om ferlinging frege. De Balksters wolle wol. In petysje om de opfang noch twa jier langer iepen te hâlden, rint no goed in wike. Der binne oant no ta sawat 150 hantekeningen set.

De online-petysje is in idee fan ynwenners fan Balk sels. It azc stiet no sûnt in pear jier yn Balk. De gemeente De Fryske Marren hat fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers de fraach krigen oft it sintrum noch twa jier iepenbliuwe kin. De gemeente ûndersiket op dit stuit oft dêr draachflak foar is.

It asylsikerssintrum yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Egbert Kroes, ien fan de inisjatyfnimmers fan de hantekenaksje yn Balk, is der wis fan dat der draachflak is. It azc is ferbûn mei de mienskip yn Balk, seit er. Sa hâldt de tsjerke taalkursussen en kofjemoarntiden dêr't de bewenners wolkom binne. Fierders jout de fuotbalklup VV Balk trainingen oan asylsikers, jong en âld. De klup soarget ek foar trainingspakken.

Fierders dogge oan it draafevenemint Gaasterlânrun ek asylsikers mei. Yn it earste jier wiene dat in pear, letter waarden it mear. De dielnimmende asylsikers krije skuon fan de oare hurdrinners.

Se fiele harren hjir feilich. Se hawwe hjir in rêstich plak dêr't se ôfwachtsje kinne.

Egbert Kroes

De insjatyfnimmers wolle net dat de bewenners nei de sluting it hiele lân troch sleept wurde: "Twa jier lyn wie der ek in sluting en wy witte watfoar impact oft dat hie op bewenners doe. Se fiele harren hjir feilich. Se hawwe hjir in rêstich plak dêr't se ôfwachtsje kinne. It COA hat net safolle plakken mear. Dan soene se oer hiel Nederlân ferspraat wurde. Wat soe it moai wêze as wy dizze minsken hjir noch twa jier de mooglikheid biede kinne", seit Kroes.

Op 2 maart praat de gemeenteried oer it asylsikerssintrum. Doel is om dan de petysje oan te bieden oan boargemaster Veenstra.

Trefwurden: 
Balk AZC asylsikerssintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)