Grutste Frysktalich muzykfestival Aaipop giet net troch: "We hoopje op in livestream"

Aaipop giet dit jier opnij net troch. Dat meldt de organisaasje. It is it grutste Frysktalich festival, mei sa'n twatûzen besikers, en normaalwei wurdt it alle jierren holden yn Nijlân. Troch de coronakrisis koe it ferline jier ek al net trochgean.
Aaipop © Martin Jansen
Pieter de Boer fan de organisaasje
De organisaasje hopet dat der in online alternatyf komme kin, mar ek dat is noch net wis, seit Pieter de Boer fan Aaipop. Ferline jier koe der op it lêste momint noch online wat regele wurde.
It festival is altyd op de peaskemoandei. Dit jier falt dy dei op 5 april. It is no noch net dúdlik wat de coronaregels dan binne, seit De Boer. "We binne noch drok oan it sjen wat kin en wat mei. Der sil grif wat online barre."
De Boer wachtet op Rutte en op nije maatregels. Mar hy wachtet ek op de gemeente, dy't in fergunning jaan moat. "We hoopje op in livestream, mei in band, of meardere bands. Mar dan moatte minsken wol byinoar komme meie. As dat net kin, wurdt it hiel dreech foar ús."
"Wy stean foar de Fryske muzyk. Dy wolle we in poadium jaan. Ferline jier diene we dat online. Dat wolle we dit jier wer. In folslein festival op tou sette, mei twatûzen besikers, dat kin fansels net."