Kollum: "Helikopterâlden: oanstelle is ek in fak"

"Miskien ha jim de petysje foarbykommen sjoen: Tegen het op corona testen van kinderen op school. Asto as âlder derop tsjin bist dat dyn bern test wurdt nei in besmetting yn de klasse, wurdst oproppen om dy petysje te ûndertekenjen. Foar de dúdlikheid: it testen is gjin ferplichting. Meist dyn bern ek fiif dagen langer yn karantêne hâlde, dan hoege se net oan de terreur fan it wattestokje bleatsteld te wurden. De inisjatyfnimmers fan de petysje slepe de grûnwet derby om harren ôfgriis oer de ûnminsklike behanneling fan de bern in wetlike basis te jaan, se ferwize dêrby nei in passaazje oer de ûnskeinberens fan it minsklik lichem.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
De fraach tsjinnet him oan wat no krekt de beswieren fan dy âlden binne. Utsein it skeinen fan de yntegriteit fan it lichem, sjoch ik benammen foarbykommen dat it net 'leuk' is foar de bern. Dat it testen in traumatyske ûnderfining wêze kin, dêr't se geastlike skea fan oprinne. Dat it testen in soarte fan propaganda is. Freegje my net om dat lêste út te lizzen.
No bin ik sels fan de generaasje dy't bygelyks de skrasketest, om TBC op it spoar te kommen, meimakke hat. In lange rige bern stie dêrta op de gong yn skoalle foar de keamer fan de direkteur te wachtsjen. Dat tink ik teminsten, mar it kin ek foar in grut útfallen biezemkast west ha. Dêryn hiene twa ferpleechsters in taffeltsje opset. Elk foar oar skoden wy by dat taffeltsje del om in skraske sette te litten. Uteinlik die bliken dat it om trije skraskes gie, set mei in soarte fan kroantsjepinne. In wike letter kamen dyselde ferpleechsters werom om te sjen oft der ek bultsjes opkommen wiene. Yn dat gefal wie der sprake fan TBC.
By sokke aksjes wie gjin heit of mem yn 'e buert. Ek net doe't de skraskes ferfongen waarden troch de saneamde Mantoux-test, wêrby't de bern in ynjeksje krigen. De rige op de gong wie itselde, allinne tsjinne it fenomeen fan flaufallen him dêrby oan: sa no en dan rûgele ien út de rige oer de flier. Sa't ik sei, krekt as by it setten fan de skraskes wiene hjir gjin heiten en memmen by. It iennichste dat fan tefoaren thús oan de itenstafel sein waard, wie: 'It is even net oars. It is samar klear en it is foar dyn eigen goederbêst.' Oer de skoaltoskedokter ha ik it in skoft lyn alris hân, mar dêr klonken deselde teksten by en wiene âldelju likemin presint.
Soks hat, útsein ferhalen, gjin trauma's opsmiten. Der is nammentlik gjin bern dat der baat by hat dat alles troch heit en mem glêdstrutsen, fuorthâlden en opfongen wurdt. Al dy saken dy't net 'leuk' binne en sadwaande mijd wurde moatte. Minder noflike dingen hearre ommers by it libben, dat is lyksa in learproses. Troch de bern dat te ûntsizzen makkest se der net better op, earder minder.
Dat, foar al dy helikopterâlden mei harren snieflokjesoanpak, ha ik noch in útspraak fan ús mem as útsmiter: 'Oanstelle is ek in fak.'"