Famylje wol faksin foar ferstanlik beheinde dochter: "It duorret te lang"

16 feb 2021 - 06:37

De faksinaasje fan minsken mei in beheining duorret fierstente lang. Dat sizze famyljeleden. Se wolle dat minsken yn lytsskalige ynstellingen sa gau as mooglik faksinearre wurde.

Sjoch nei de reportaazje

Abie en Dick Bruinenberg fan It Hearrenfean roppe soarchynstelling Talant op te avesearjen mei de faksinaasje. It pear hat in dochter mei in slimme ferstanlike beheining, Inge. Dy is 36 jier âld, mar se hat it tinkfermogen fan ien fan 2,5. Inge sit yn in lytsskalige ynstelling fan Talant, en elts wykein komt se thús.

Thúskomme is tige wichtich foar Inge. As se net thúskomme kin, sa't earder alris bard is yn in lockdown, rekket se fan slach.

Foto: Priveekolleksje

Foar de feiligens ûntfange de âlden al hast in jier gjin gasten mear. Se binne stjerrende benaud dat Inge it coronafirus krijt. Se wolle stommegraach dat Inge faksinearre wurdt, mar dat sjit net op.

Gjin faksinaasje troch leveringsproblemen

Oan it begjin fan de moanne soe Inge in prik krije mei it Modernafaksin, mar de levering hie fertraging en oant no ta is der noch neat bard. De âlders trúnje der no by Talant op oan om sa gau as mooglik it Pfizerfaksin te bemachtigjen. Oant no ta sûnder resultaat.

In wurdfierder fan Talant lit yn in reaksje witte dat de organisaasje begryp hat foar de soargen, mar dat it net gauwer kin. "Het RIVM en de GGD bepalen de volgorde waarin mensen gevaccineerd worden. Talant gaat daar niet over."

Trefwurden: 
Talant coronafirus faksin
(Advertinsje)
(Advertinsje)