Michel Vlap debutearret mei treffer, assist en lykspul tsjin Bayern

15 feb 2021 - 22:48

Fuotballer Michel Vlap hat moandeitejûn syn debút makke foar Arminia Bielefeld yn de wedstriid tsjin Bayern München. De Snitser liet yn it oere dat er spile in goede yndruk efter.

Foto: ANP

Yn de njoggende minút makke hy de 0-1 en in healoere letter joech er de assist foar de 0-2. Dêrtroch stiet it by skoft ferrassend 0-2 foar Bielefeld. Bayern München is de nûmer ien fan Dútslân; Bielefeld begûn oan de wedstriid as de nûmer 15.

Vlap kaam oer fan it Belgyske Anderlecht, dêr't er dit seizoen minder oan spyljen takaam. Tusken 2016 en 2019 spile de Snitser 59 wedstriden foar SC Hearrenfean. Dêryn makke hy tweintich doelpunten.

Nei in goed oere waard Vlap yn syn debútwedstriid yn de Bundesliga fan it fjild helle. De wedstriid einige úteinlik yn in lykspul: 3-3.

(Advertinsje)
(Advertinsje)