Hoe belûke je jongerein mear by de polityk?

15 feb 2021 - 22:10

De Fryske PvdA-Steatefraksje wol jongerein mear belûke by de polityk. De partij wol dat de provinsje in digitaal platfoarm ynset wêrmei't jongerein direkt ynspraak hawwe. De Fryske organisaasje Tienskip besiket jongerein al langer te belûken by de polityk en soe dêryn eventueel assistearje kinne. "Er is een kloof tussen jongeren en politiek. Ze vinden het een ver-van-mijn-bed-show", seit Jeppe Kok fan Tienskip.

Foto: Shutterstock

De PvdA-fraksje wol it fertrouwen ûnder jongerein fergrutsje. Dat begjint neffens harren mei de fraach hoe't sy sels belutsen wurde wolle en hokker ideeën sy hawwe oer polityk. De partij wol dat de provinsje dat ûndersiket troch it harren sels te freegjen.

Moasje

Dat soe kinne fia in digitaal platfoarm, dat de provinsje oprjochtsje wol, wêrmei't boargers direkte ynspraak hawwe oer politike tema's en ûntwikkelings. De PvdA-fraksje wol dat dat platfoarm as earst ynset wurdt ûnder de Fryske jongerein en tsjinnet dêrom op de Steategearkomste fan takom woansdei in moasje yn.

Tienskip, in organisaasje foar en troch jongerein, set him al in oantal jierren yn om de kleau tusken jongerein en polityk te ferlytsen. "Wij zijn hard bezig om daar verandering in te brengen", seit Jeppe Kok fan Tienskip.

Jongeren binne net ien groep

Dy kleau wurdt neffens Kok feroarsake trochdat der yn de polityk ûnderwerpen bepraat wurde dêr't jongerein noch net oan ta binne. "Daar hebben ze niet meteen een beeld bij, waardoor het verder bij hen vandaan kan staan." Neffens Kok moatte jongeren dêrom net as ien groep sjoen wurde. "Jongeren zijn net zoals ouderen: links, recht, progressief, conservatief. Ze zijn niet één groep en dat wordt wel eens vergeten."

Jeppe Kok - Foto: Marco Merijn Klüte

Tienskip besiket jongerein op in oare wize by de polityk te belûken. Kok: "We willen de nadruk leggen op wat jongeren zelf belangrijk vinden." Dat die de organisaasje foar coronatiid ûnder mear troch it organisearjen fan projektdagen op middelbere skoallen. "Wat beginnen dan met een probleemstelling, die de jongeren gaandeweg uitwerken tot een oplossing."

Siedsje plantsje

Mei de projektdagen wol Tienskip jongerein ark jaan om sels oer problemen nei te tinken en der wat oan te dwaan. "We proberen het op een andere manier te belichten. We willen laten zien dat politiek niet ver van je af hoeft te staan en zo een zaadje planten." Dêryn soene Tienskip en de provinsje de hannen gearslaan kinne. "Als de provincie daarin met ons samen wil werken, doen wij dat maar al te graag."

Jeppe Kok fan Tienskip

Trefwurden: 
jongerein polityk Tienskip
(Advertinsje)
(Advertinsje)