Hoe hâldst dyn redens goed no't se wer nei it souder gean?

Doe't der ôfrûne wike reedriden wurde koe, hellen in soad minsken harren redens út it fet. Mar wat betsjut dat eins, de 'redens út it fet helje'? En wol dat sizze dat, no't it teit, se wer yn it fet moatte? We fregen redenekspert Marco Vlap hoe'tst dyn redens it bêste bewarje kinst, sadatst se takom winter wer yn goede steat tefoarskyn tsjoene kinst.
© Omrop Fryslân

Wat betsjut dat, de redens yn en út it fet?

"In het vet zetten, betekent dat de schaatsen niet kunnen gaan oxideren, dus niet kunnen gaan roesten." Dat ynfetsjen kin neffens Vlap gewoan mei wat faseline. De measte minsken dogge dat neffens him gelokkich wol, want oars smyt dat in bulte ekstra wurk op. "Anders moeten we wel heel veel schaatsen maken."

Moat ik de redens nei de winter earst slypje litte?

Krekt foardat it reedrydwaar waard, gie eltsenien massaal nei de redensliper. "Maar het is heel verstandig om de schaatsen gelijk na de winter, dus nu, goed op te bergen. Dat betekent: eerst goed laten slijpen, zodat ze scherp zijn."

En dêrnei?

"Daarna moet je ze goed droog bewaren. Niet in een hoes, want daar zit mogelijk nog vocht in. Dat kan na een jaar toch nog tot roest leiden. Volgend jaar haal je er een doekje overheen, zodat het vet eraf is, en dan kun je weer los."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Marco Vlap fan Zandstra