Stasjonskat Bella nei in moanne wer fûn: "Ik wou dat ze het verhaal kon vertellen"

16 feb 2021 - 18:03

Wa't wolris de trein yn Ljouwert nimt, is har mooglik wolris tsjinkaam: Bella de stasjonskat. Bella fynt it hearlik om mei wachtsjende reizgers te krûpen. Mar sûnt desimber wie se poater. Nei wiken spoarleas te wêzen is se wer werom. Net yn Fryslân, mar yn Roden yn Drinte. Har baaske hat har wer ophelle.

Bella is wer terjochte

Bella waard moandei oantroffen yn Roden yn Drinte. "Ongelofelijk, wat een blijdschap! Tranen van opluchting", sei har baaske Ingeborg de Jong. "Ik had het niet meer verwacht, eerlijk gezegd."

De Jong helle Bella moandei op. "Ik zat helemaal te shaken in de auto. Het is overweldigend."

Foto: Omrop Fryslân

Ingeborg de Jong is de baas fan Bella

De Jong waard moandeitemiddei belle troch in frou út Roden yn Drinte, dy't har fertelde dat Bella dêr al in skoft omspaande. De frou wist net dat it om in kat gie dy't har hûs kwyt wie. Se namen Bella yn 'e hûs en giene moandei nei de bistedokter om te sjen oft it bistje in chip hie. Sa kamen se by Ingeborg telâne.

Hoe't Bella yn Roden bedarre is, dat wit De Jong net. "Ik wou dat ze kon praten en het hele verhaal kon vertellen."

Tankber

"Ze is sterk vermagerd en heeft afgeknipte snorharen, maar verder is alles heel goed", seit De Jong. "Ze is niet bang, maar een echt knuffelkont zoals wij haar kennen."

Foto: Omrop Fryslân

It baaske is de minsken dy't Bella opfongen tige tankber. Nei alle gedachten hat de poes lange tiid op strjitte libben, wylst it flink kâld wie ôfrûne wike. "Het zijn helden! Ik kan ze niet genoeg bedanken. Ik ben zo blij dat er zulke mensen zijn."

De Jong wol Bella earst mar binnen hâlde. "En als ze naar buiten gaat, dan gaat ze met een gps-tracker, zodat ik kan zien waar ze is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)