Earste faksinaasjes op Waadeilannen: "Het is geen dagelijkse operatie"

Hast 2.000 ynwenners fan de Waadeilannen wurde dizze wike op it eigen eilân faksinearre. Op Flylân en Skiermûntseach krije alle 60-plussers in prik. "Anders zouden we een te laag aantal krijgen", seit Nils van Mourik fan de GGD.
De boargemaster naam de faksinaasjes persoanlik yn ûntfangst
Harkje nei de faksinaasje-spesjalist fan de Fryske GGD
De earste 500 faksins binne mei de boat nei It Amelân brocht. Dat soe eins dien wurde mei de traumahelikopter, mar it waar bepaalde oars. "Gelukkig hebben we plan C in werking kunnen stellen", seit Van Mourik.
It ferfier fan de faksins moat mei soarch dien wurde. Neffens Van Mourik kin dat, ek op in skip. "Het is een groot schip. We hebben van de betrokken apotheker groen licht gekregen. Vorige week dachten we dat het niet zou kunnen, vanwege het ijs, maar het lukt nu toch."
Mûlkapkes op de fearboat © ANP
De GGD stjoert in spesjale ploech nei de eilannen, sadat bewenners net nei de fêste wâl hoege. Ljouwert is krekt te fier fuort, seit Van Mourik. "Het kan wel twee uur duren voordat je er bent. Voor iemand met een broze gezondheid is dat toch wel erg lastig."
Neffens de GGD binne op de eilannen in protte minsken dy't it faksin hawwe wolle. "Van de totale groep die we gaan vaccineren, heeft 97 procent een afspraak gemaakt. Dat is ontzettend hoog. Daar zijn we heel blij mee.

Twadde faksin ek op eilannen

De twadde faksinaasjeronde sil ek wer op de eilannen wêze, seit Van Mourik. "We komen graag terug. We willen de vaccinatiegraad zo hoog mogelijk houden."
Op It Amelân binne 120 faksins beskikber foar soarchmeiwurkers. De rest giet nei de 75-plussers op it eilân. Ien dei letter as de faksinaasje op It Amelân binne woansdei de ynwenners fan Flylân en Skiermûntseach oan bar. Fanwege it beheind oantal ynwenners fan dy eilannen wurde dêr alle 60-plussers en soarchmeiwurkers faksinearre.

Flylân en Skiermûntseach binne te lyts

Yn totaal gean der 350 faksins nei Flylân en 400 nei Skiermûntseach. Dat is sa'n bytsje it minimum, seit Van Mourik. "Anders regel je heel veel voor heel weinig mensen. Dat wordt te duur."
As lêste wurde tongersdei en freed de 75-plussers en soarchmeiwukers fan Skylge faksinearre. It gier hjir om 175 soarchmeiwurkers en 525 ynwenners.
De GGD set dêr grut op yn. "We zijn hier met veel mensen een behoorlijke tijd mee bezig. Het is geen dagelijkse operatie. Zeker niet."