FIDEO: Makkers film Stjer sykje Fryske dôvetolk

15 feb 2021 - 17:04

De makkers fan de Fryske aksjekomeedzje sykje in dôvetolk. De film giet oer in searjemoardner. Dy hat al twa Fryske stjerren letterlik stjerre litten en Emiel fan De Hûnekop is benaud dat hy it folgjende slachtoffer is. Hy beslút sjonger-ôf te wurden en in swalker syn plak ynnimme te litten yn de band. Emiel kundiget oan op in parsekonferinsje dat er tenei manager is. Foar dy parsekonferinsje sykje se no in Fryske dôvetolk. It moat wol in echte dôvetolk wêze, net ien dy't mar wat stiet te maneuveljen, seit Emiel.

Sjoch en harkje hjirûnder nei it ynterview dat Johan Terpstra yn De Middei fan Fryslân hie mei Emiel Stoffers.

FIDEO: Emiel Stoffers oer de film Stjer

(Advertinsje)
(Advertinsje)