Minder registrearre misdie yn earste moanne fan 2021

15 feb 2021 - 17:00

Yn de earste moanne fan 2021 hat de plysje yn Fryslân goed 1.630 misdieden registrearre; it leechste oantal yn ien moanne sûnt maaie foarich jier. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. Dat kin in effekt wêze fan de jûnsklok. Yn april foarich jier kaam it oantal registrearre misdriuwen sels ûnder de 1.600 út. Ek doe like der sprake fan in corona-effekt.

Dit is in artikel fan ûndersyks- en datasjoernalist Egbert Minnema fan RTV Noord.

De plysje Noard-Nederlân jout sels gjin taljochting op dizze sifers. Dat dogge se pas as de jûnsklok foarby is.

Lanlik

Ast nei de sifers sjochst foar Nederlân yn syn gehiel, dan falt op dat sawol yn jannewaris 2021 as yn april 2020 de misdiedsifers leger leine as yn de measte oare moannen derfoar en dertusken.

Ast fierder ynzoomst, falt ûnder mear op dat benammen yn dy moannen der minder stellerij wie, der minder ûngelokken op de dyk wiene, wêrby't de feroarsaker in misdriuw plege hat en dat der minder mishannelings registrearre binne.

It oantal ynbraken is ek ôfnaam. De kâns is grut dat de jûnsklok dêrop fan ynfloed is. Nei 21.00 oere sit hast eltsenien thús. "Er is geen groter middel om een inbraak te voorkomen dan thuis te zijn", seit in wurdfierder fan de plysje.

Ek stiging

Dêr stiet tsjinoer dat foarige moanne lanlik it oantal registraasjes fan oantaasting fan de iepenbiere oarder it heechst lei sûnt jannewaris 2012, it momint dat de plysje hjir foar it earst sifers oer publisearre. It giet om goed 850 meldings.

Ek de cybercrime naam ta. De sifers lizze sawiesa de folsleine coronatiid al heger as dêrfoar. "Mensen zijn meer thuis en brengen meer tijd online door. Het zou kunnen dat ze daardoor ook meer kans hebben om slachtoffer te worden van cybercrime", seit in wurdfierder fan de plysje.

Egbert Minnema fan RTV Noord oer de sifers

Yn de grafyk hjirûnder kinst de ûntwikkelings fan de kriminaliteitssifers foar elts type misdriuw yn Nederlân sjen. By de wenteynbraken is der in dúdlik seizoenseffekt sichtber. De tsjustere dagen fan it jier binne tradisjoneel populêr foar ynbrekkers om harren slach te slaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)