Leafde yn 'e loft: earste nestcambylden fan see-earnen yn Alde Feanen

15 feb 2021 - 16:16

It Fryske Gea hat snein, op Valentijnsdag, de earste nestcambylden fan de see-earnen yn natuergebiet de Alde Feanen nei bûten ta brocht. Ditselde see-earnkoppel hold foargeande jierren sjoggers foar it lapke troch in nêst te bouwen foar de kamera, mar earne oars suksesfol te brieden. Op dat plak hinget dit jier de nêstcam.

Foto: It Fryske Gea

De see-earnen fertoane neffens It Fryske Gea presys it gedrach dat je fan in leafdespear ferwachtsje. Nêstbou, krûpgedrach, dobjen en in spektakulêr útsjoch, it stiet allegear op de bylden. Wa wit krije we dit jier dan echt briedende see-earnen te sjen.

Sûnt snein binne meardere sneakpreviews te besjen fan de earste bylden op it see-earnenêst. Op 1 maart wurdt de livestream fan 'Beleef de lente in It Fryske Gea' oanset. Beide binne hjir te besjen.

Foargeande jierren wiene de leafdesperikels fan de see-earnen ek al te sjen. It Fryske Gea organisearret de nestcam yn gearwurking mei Vogelbescherming Nederland. Se wolle de maitiidsbelibbing by minsken thús bringe.

Twa jongen

Yn desimber waarden de earste see-earnen sinjalearre op de simmerpolder by harren nêst yn de Alde Feanen. "Vanaf januari waren ze zelfs al druk in de weer om het nest op te kalefateren", fertelt frijwilliger en see-earnblogger Andries Dijkstra.

Foto: It Fryske Gea

Dit nêst is foar de sjoggers nij, mar de see-earnen hawwe dêrop foarich jier al twa jongen grutbrocht. Ien dêrfan is spitigernôch ferstoarn, it oare jong makket it goed.

Dijkstra ferklapt dat it see-earnjong fan foarich jier op de sneakpreviews fan de nestcambylden in besite bringt oan it âlderlik nêst. "Het opdringerige ding lijkt hongerig te zijn en belaagt de moeder, die het snel voor gezien houdt en vertrekt. Kort daarop volgt het mannetje haar voorbeeld. Het puberjong blijft nog een tijdje ontevreden jengelend op het nest zitten. Dit is echt prachtig om te zien!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)