FIDEO: Brent Bergsma (2) set earste stapkes op it iis, wylst heit Jorrit WK-sulver pakt

Yn Thialf waard dit wykein reedrydskiednis skreaun troch de Sweed Nils van der Poel mei in nij wrâldrekôr op de tsien kilometer. Mar fyftjin kilometer fierderop yn Aldeboarn, wie dit wykein in foar Fryslân miskien wol noch histoarysker momint: de earste stapkes fan Brent Bergsma op it iis. Hy is de twajierrige soan fan Jorrit en Heather Bergsma, tegearre goed foar acht wrâldtitels en fjouwer olympyske medaljes. Nei syn aventoer op it iis seach hy mei syn mem en syn suske Barbara hoe't syn heit sulver wûn op de 10 kilometer.
-