Achthûndert faksinaasjes letter troch tydlike sluting fanwege izel

15 feb 2021 - 15:09

Trochdat de test-en faksinaasjelokaasjes fan GGD Fryslân oant 14:00 oere net iepen wiene, koene 800 minsken moandeitemoarn net faksinearre wurde. Boppedat binne der 300 ôfspraken ôfsein fan minsken dy't in coronatest dwaan litte woene. De GGD hopet de fertraging dizze wike yn te heljen.

De corona-ynintingslokaasje yn it WTC yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It wie al de twadde kear yn koarte tiid dat it waar foar fertraging soarge by de test- en faksinaasjelokaasjes yn Fryslân. Ferline wike wiene se ek al ticht. Doe joech it KNMI ek koade read fanwege it winterwaar.

De minsken dy't moandeitemoarn net komme koene, moatte no opnij in ôfspraak meitsje, seit Nils van Mourik fan de GGD Fryslân. De sûnenstsjinst set in ekstra ynintingsmooglikheid yn, in saneamde ekstra 'pripstrjitte', om de achterstân yn te heljen.

Elk faksin syn eigen kleur

Foar de soarchmeiwurkers dy't it faksin AstraZeneca krije, is ien dei mei dy ekstra kapasiteit genôch, foar de âlderein dy't Pfizer krijt binne twa dagen needsaaklik. De ferskillen tusken de twa intstoffen binne mei kleuren oanjûn. Dy kleuren stean ek op de papieren en op de kuolkoasten dêr't it faksin yn bewarre wurdt.

Blaastest foarearst ôfblaasd

De proef mei de coronablaastest yn Drachten giet foarearst net troch. Yn Amsterdam wie dy metoade al yn gebrûk naam, mar fanwege mindere resultaten is it no yn it hiele lân stilset. Yn Drachten wiene spesjaal minsken oplaat foar de proef. Oft en wannear't de coronablaastest wol wer losgiet, is noch net bekend. Oant dy tiid moatte minsken it dwaan mei it lange stokje yn de noas en yn de kiel.

Nils van Mourik, GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)