Drokte yn sikehuzen hâldt oan: ekstra operaasjes om glêdens

15 feb 2021 - 12:55

It iis is rûnom yn de provinsje oan it fuortteien, mar de ekstra drokte yn de sikehuzen hâldt noch wol efkes oan. Yn alle Fryske sikenhuzen binne moandei en tiisdei in soad ekstra operaasjes ynpland foar minsken dy't dit wykein fallen binne by it reedriden. Dêr komt de izelglêdens fan moandeitemoarn noch by, dy't ek soarget foar stikkene bonken.

Drokte yn sikehuzen hâldt oan

Yn it MCL yn Ljouwert binne moandeitemoarn al wer fjouwer minsken binnenbrocht mei in brutsen heup. Dêrneist wiene der stikkene polzen en ankels troch glêde diken en stoepen.

Op de earste help fan sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean komt ek de iene nei de oare binnen. Dêr kamen ferspraat oer it wykein 110 minsken nei it sikehûs mei stikkene bonken troch in fal op it iis. Guon breuken moatte operearre wurde en dêrom wurkje se moandei ekstra lang troch op de operaasjekeamer. Fan fjouwer oere yn de middei oant tsien oere jûns binne se dêr dwaande mei operaasjes oan ankels, heupen en skouders.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn Drachten kamen yn totaal 110 minsken mei stikkene bonken nei it sikehûs. Nij Smellinghe hie dêr yn it foar al rekken mei hâlden en hie dêrom ekstra personiel ynset.

Sliepe yn it sikehûs

Yn Snits by it Antoniussikehûs is in part fan it personiel de nacht fan snein op moandei te sliepen bleaun. Se wiene benaud dat se troch de glêdens oars net op it wurk komme koene.

Yn Snits ferwachtsje se dat der ek de kommende dagen noch mear slachtoffers by komme, trochdat in soad minsken dit wykein net te plak koene by de Dokterswacht. Dy wie oerbelêste en guon minsken sille dêrom mooglik pas moandei of tiisdei binnenkomme as se dochs wat brutsen hawwe, sa lit in wurdfierder witte. Ek yn Snits sil hoe dan ek de kommende dagen ekstra operearre wurde moatte. Se hoopje dat dwaan te kinnen mei de besteande besetting.

Strakke planning operaasjekeamers

De oare Fryske sikehuzen hâlde ek rekken mei ekstra drokte yn de operaasjekeamers troch de iiswille en de glêdens. Omdat troch corona somtiden net alle operaasjekeamers brûkt wurde kinne, moat der neffens in wurdfierder fan ien fan de sikehuzen strak pland wurde, mar se kinne it oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)