Utbraak coronafirus yn ferpleechhûs Sickenga Oord Wolvegea

Yn ferpleechhûs Sickenga Oord yn Wolvegea is sprake fan in corona-útbraak. Der binne dit wykein fjirtjin nije besmettingen by de bewenners fêststeld.
Utbraak coronafirus yn ferpleechhûs Sickenga Oord Wolvegea
Jeroen Vos is manager soarch by Sickenga Oord
Ferline wike waarden twa minsken posityf test op it coronafirus. De measte bewenners dêr't it firus konstatearre is, hawwe mylde klachten. In lyts tal minsken hat serieuze klachten.
It personiel is ek test. Seis fan harren hawwe it coronafirus ûnder de lea. Sy sitte yn thúskarantêne.
De posityf teste bewenners wurde fersoarge yn harren eigen apparteminten. Oant snein 21 febrewaris mei der gjin besite komme yn Sickenga Oord en binne alle groepsaktiviteiten stilset.
© ProNews