Rykswettersteat struit al mei al 146 ton sâlt om izel te liif te gean

15 feb 2021 - 12:23

Mar leafst 146 ton sâlt waard der moandeitemoarn oer de Fryske diken struid troch Rykswettersteat om de izel te liif te gean. Mei man en macht waard der struid om glêde diken foar te kommen. Dochs barden der in oantal ûngelokken. "We zijn er volle bak tegenaan gegaan", seit Peter Snippe fan Rykswettersteat, "maar we konden niet voorkomen dat er toch een aantal ongelukken zijn gebeurd."

Foto: CAMJO Media

De measte ûngelokken barden op de A31 tusken Harns en Ljouwert en op de A7 tusken Wytmarsum en Snits. "Daar ging het voornamelijk om blikschade", seit Snippe. "Alleen bij Sneek is iemand met ambulance afgevoerd. Maar over het algemeen was er bij de ongelukken geen letsel."

Kontinu op paad

Op moandeitemoarn 04.00 oere sette Rykswettersteat útein mei it struien fan sâlt. "We hebben daarbij onze maximale personele inzet gebruikt", fertelt Snippe. "Dat betekent dat we met 24 strooiwagens continu op weg waren. In totaal hebben we vijf complete rondes gemaakt in Fryslân. Daarbij hebben we 146 ton zout gestrooid met de zwaarste dosering."

Boppe nul

Sa om it middeisoere hinne koe Rykswettersteat ôfbouwe en begjinne mei it opromjen. "De wegtemperatuur is nu net weer boven nul. Vanaf dat moment kunnen we stoppen met strooien en zit ons werk er bijna op. Petje af voor alle collega's die vannacht alles op alles hebben gezet."

Peter Snippe fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)