KNSB grutsk op Fryske reedridersbubbel

15 feb 2021 - 11:58

De KNSB is grutsk op de ynternasjonale Thialf-reedridersbubbel. De ynternasjonale reedriderswrâld wie fan heal jannewaris oant snein isolearre op It Hearrenfean. Troch dizze coronabubbel koene reedriders dochs noch in tal belangrike wedstriden ride lykas it EK allround en EK sprint, twa wrâldbekerwedstriden en it ôfrûne wykein it WK ôfstannen.

Foto: ANP Foto

De reedridersbubbel is neffens technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB hiel goed slagge en sûnder grutte ynsidinten ferrûn. Hjirtroch is neffens him it rydseizoen dochs noch slagge. Neffens De Wit sil de ISU nei alle gedachten dit konsept faker brûke as de coronakrisis oanhâldt.

Ek Thialf-direkteur Marc Winters sjocht mei tefredenheid werom op de reedrydbubbel. "Het was een bijzondere afsluiting van een bijzonder seizoen. Als kers op de taart was er gister nog een wereldrecord", seit Winters, doelend op it sulver fan Jorrit Bergsma op de 10.000 meter op it WK ôfstannen. "Het is gelukt om met z'n allen Thialf vrij te houden van corona. Dat is heel knap."

Thialf-direkteur Marc Winters oer de reedrydbubbel

(Advertinsje)
(Advertinsje)