Metalfestival Into the Grave giet ek dit jier net troch fanwege it coronafirus

15 feb 2021 - 10:46

It metalfestival Into the Grave yn Ljouwert giet ek dit jier net troch fanwege it coronafirus. De organisaasje seit dat de ein fan de coronaproblemen wol yn sicht is, omdat der no in faksin tsjin it firus is. Mar it coronafaksin komt te let om dit jier in festival te organisearjen. Into the Grave stie pland foar 11, 12 en 13 juny.

Foto: Omrop Fryslân

It regear ferwachtet dat der nei 1 july wol wer wat mear kin en hat in garânsjefûns ynsteld, sadat eveneminte-organisaasjes begjinne kinne mei de tariedings. Dêr komt Into the Grave dus net foar yn de beneaming. De organisaasje rjochtet him no op twa oare festivals dy't se ek organisearje.

Paul van Berlo, Into the Grave

(Advertinsje)
(Advertinsje)