Dokter op earste help: "Wy ha trije kear safolle pasjinten sjoen dit wykein"

15 feb 2021 - 08:53

Brutsen polzen, stikkene heupen en harsensskoddings; it rychje mei ferwûnings fanwege it reedriden wie ôfrûne wike lang by sikehûs Antonius yn Snits. Benammen 55-plussers kamen op de earste help telâne nei't se op it iis fallen wienen. "Wy ha trije kear sa folle pasjinten sjoen as gewoanwei", fertelt Tineke Kroon, dokter op de earste help fan it Antoniussikehûs.

Foto: ANP Foto

Sneon wie mei kop en skouders de drokste dei yn it Antoniussikehûs, mar de drokte begong al op tongersdei, fertelt dokter Kroon. "It wienen benammen âldere reedriders. Dat kin komme fanwege de minne kwaliteit fan it iis, mar ek om't minsken al hiel lang net mear riden hawwe."

Alles opskaald

Fanwege de ferwachte drokte hie it sikehûs yn Snits de personiele besetting flink omheech skroeve. "Wy hienen mear dokters op de spoedeaskjende help, ekstra ferpleechkundigen, ekstra gipsferbânmasters, radiology-laboranten en ekstra sjirurgen. Alles wie opskaald. It is in bysûndere situaasje en dan moatst derfoar gean mei syn allen."

Alle begryp

Dochs hat dokter Kroon alle begryp foar minsken dy't nettsjinsteande alle warskôgings dochs it iis op gongen. "Wy snappe dat wol. Minsken wurde entûsjast fan dit waar. Ik haw sels ek efkes op it iis west."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dokter Tineke Kroon fan it Antoniussikehûs yn Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)