Piet Paulusma: "It is sjippeglêd, op de stoepe kinst it wol ferjitte"

15 feb 2021 - 08:37

"It is sjippeglêd. Op stoepen kinst it wol ferjitte." Dat seit waarman Piet Paulusma. Letter yn 'e moarn of oan it begjin fan de middei ferdwynt de izel. Ek is der kâns op in sniebuike.

Piet Paulusma yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

Fan 'e moarn ha wy noch lêst fan rein en izel, foarseit Piet. "Ek ha wy hjir en dêr kâns op snie. De izel sil stadichoan ferdwine. Fan 'e middei allinnich noch rein en stadichoan wurdt it yn de rin fan de dei drûch. Yn it noarden en easten fan ús provinsje bliuwt de temperatuer leech om de 3 of 4 graden hinne. Fannacht meast drûch, mar as it ek mar efkes opklearret, kin it samar wer glêd wêze."

Harkje hjir nei Piet syn waarberjocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)