Kollum: "Nij bad"

15 feb 2021 - 08:15

"Wy ha thús gjin bad. Der baal ik fan. Hielendal no mei it winterske waar. Nei in fikse kuier mei de hûnen of in moai stikje reedriden, even hearlik de spieren ûntspanne yn in dampend waarm bad. Yn ien wurd: godlik.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

As ik myn beklach deroer doch, wurdt der altyd sein: "ja, maar als je een bad hebt, dan zit je er niet in." "No moatsto ris oplette", tink ik dan, "ik sit der alle jûnen yn!" Dat wit ik om't ik in skoftke yn in studintehûs wenne, dêr't in bad wie. Fêste prik: alle jûnen foar it sliepen gean, siet ik te badderjen. Mei foeterjende húsgenoaten foar de doar.

In skoftke lyn wie myn baddream sa grut, dat ik net langer mear sûnder koe. Ik tocht: 'bûten ha wy genôch romte, dus wêrom net ien yn 'e tún?" Ik bin in fanatyk saunagonger en wêr'tsto my bliid makkest mei in waarm bad, bin ik fan in waarm bad yn 'e bûtenloft hielendal út 'e skroeven.

It wie eins hiel simpel. Marktplaats ôfstrune, in moaie keap fûn en heit belle oft hy even mei woe. We kamen oanriden en seagen it bad al yn de fierte stean. In prachteksimplaar: op poatsjes en mei fan dy sulveren liuwepoaten. Kwealik thús hie ik de klean al út. No wenje wy behoarlik yn 'e middle of nowhere en gjinien kin by ús op it hiem sjen. Dus, ik, krekt as yn 'e sauna, lekker yn 'e bleate kont it bad yn.

Doe't ik al heal yn myn 'nakie' stie, sei myn freon: "maar waar haal je dan het warme water vandaan?" Dêr hie ik noch net hielendal by stilstien. It kin yngewikkeld, mar it kin ek hiel ienfâldich. Hup de badjas oan, waarme kraan iepen en wat amers mei waarm wetter sjouwe. En as it dan kâld wurdt, myn freon leaf oansjen.

Sa ek op dy bewuste sneintemiddei. Myn freon wie even by de buorlju en ik siet ape-relaxed yn bad. Ynienen hear ik stimmen. "O jee, komt der besite?" Dêr komt myn freon oanstappen. Drok yn petear mei de buorlju achter him oan. En net allinne de buorlju, ek de oare buorlju en harren soan. Sy komme de hoeke om en moatte laitsje om wat se oantreffe. Wêrop't ik, in bytsje panikerich, de namme fan myn freon rôp. Mar hy is sa drok yn petear dat hy gjin sjoege jout. Ik skamje my dea. Sit ik dêr, neaken yn bad mei de hiele buert deromhinne! Lokkich lûkt buorfrou him úteinlik oan syn jaske en komt er daliks oansetten. Sûnt dy tiid hâld ik dochs mar in bikiny oan.

Yn it foarjier komt der no einliks in nije badkeamer, mei, do riedst it al, in bad. Mar rekkenje der mar op dat it bad yn 'e tún bliuwt. En myn freon, útfiner dy't er is, sil der in systeem by meitsje sadat ik net alle kearen mei amers hoech te sjouwen.

En, sit ik no te tinken, as ik fan 'e middei thús kom fan myn reedrydtochtsje, stap ik gewoan myn túnbad yn. Der mei om corona dochs gjin besite komme. Dus ik helje it iis út it bad, lit myn freon wat waarm wetter helje en gean lekker poerneaken yn 'e froastkjeld yn in waarm, dampend bad sitten. Wat kearskes derom hinne en in relaxed muzykje derby. Miskien is dat bad yn 'e hûs dan wol net iens mear nedich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)