Liveblog | 15 febrewaris 2021

WINTERBLOG: Temperatuerstiging fan 30 graden neffens Piet net unyk

Koade read wie yn Fryslân de hiele moarn fan krêft, yntusken jildt koade giel oant middernacht.
Lêst bywurke: 16 febrewaris 2021, 10:22
19:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit winterliveblog fan moandei 15 febrewaris. Tank foar it folgjen.
18:25

Drokte by redenfabrikant Zandstra

It wiene ôfrûne wike gouden tiden foar redenfabrikanten, -slipers en -ferkeapers. By gruthannel Zandstra op De Jouwer wie it ôfrûne wiken smoardrok. "Eigenlijk vanaf het moment dat de vorst werd voorspeld, vorige week vrijdag, kwam de vraag al los", fertelt Marco Zandstra. "De zondag erna was het al gekkenhuis."
Normaal sprutsen hawwe se it by Zandstra sawiesa drok mei bestellings út lannen dêr't it altyd kâld is en der riden wurde kin. No kamen der foaral út Nederlân mailtsjes binnen en stie de telefoan reagleon mei ien en itselde fersyk: redens! De winterbestellings yn Nederlân meitsje lykwols net in hiel grut ferskil foar de redenfabrikant boppe-op de normale fraach. "Het is een mooi extraatje", leit Marco Zandstra út.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by Zandstra op De Jouwer
Yntusken is der in grut gat yn de foarried slein. "Er zijn heel veel schaatsen uitgegaan." Normaal sprutsen rinne der twa minsken rûn yn it magazyn dy't bestellings ferwurkje, mar ôfrûne wike wiene dat der hast fyftjin. "Iedereen was als in een mierennest door elkaar heen aan het rennen. We konden niet iedereen tegelijk helpen, dus het was een kwestie van wie het eerst komt, wie het eerst maalt."
No moat earst de foarried wer oanfolle wurde. "We moeten zorgen dat mensen weer schaatsen kunnen krijgen. Ook al begint het te dooien, men wil nog steeds schaatsen kopen."
17:22

Winterbylden fan ôfrûne wykein

-
17:19

It wie hjoed flink glêd yn de provinsje

-
16:48

Flinke temperatueromslach is net unyk

Ofrûne wykein stiene we noch op de redens, mar it duorret net lang mear oft de maitiid komt deroan. "It suden fan Europa is no wat oan it opwaarmjen. Ik ferwachtsje snein temperatueren fan sa'n tsien, alve graden", seit waarman Piet Paulusma.
"Ast dat ferlikest mei temperatueren fan -15 fan ôfrûne wike, dan giest op guon plakken sa'n 30 graden omheech." Hiel unyk is sa'n omslach lykwols net. "Healwei febrewaris is it net sa hiel bysûnder dat it tolve graden is. It rekôr stiet op achttjin graden."

Koade read

Twa wykeinen koade read efter inoar is wol wer bysûnder. "De iene kear mei de komst fan de kjeld en de oare kear mei it fuortgean fan de kjeld. Dat bart net sa faak", seit Paulusma.
Neffens him wurdt der faker koade read ôfjûn om't de mienskip feroare is. "It is folle drokker op de diken. Der binne ynternasjonaal ôfspraken makke foar wannear't it koade giel, oranje of read is. Koade read is frij ekstreem, mar wurdt net faak útjûn."
Piet Paulusma
15:49

KNMI: Twa kear koade read achter mekoar is 'tafal'

Twa kear koade read flak achter mekoar, dat is net oerdreaun, seit Charlotte Fijnaut fan it KNMI. Foarige wike wie it fanwege in sniestoarm, en hjoed fanwege de izel. "Als in de Weerkamer wordt geconstateerd dat er zoiets aan de hand is, dan gaan we in overleg met diverse maatschappelijke partners, zoals de Verkeerscentrale, Rijkswaterstaat en Luchtverkeersleiding Nederland", seit Fijnaut by RTV Noord.
In traumahelikopter waard oproppen omdat ien fallen wie op it iis © SRFotografie
It komt hast noait foar dat koade read yn it hiele lân jildt, seit Fijnaut. "Nu toevallig twee keer achter elkaar, maar de laatste keer daarvoor was 13 februari 2012, ook vanwege ijzel".
As 'koade read' ôfjûn is, wurdt dat nei ôfrin altyd evaluearre. "Daar zijn we voor wat betreft vorige week zondag nog niet aan toegekomen", seit Fijnaut. "We hebben inmiddels wel late onderzoeken in hoeverre de waarschuwing is opgevangen: 95 procent van de ondervraagden heeft die gehoord. 78 procent van hen heeft er ook naar geluisterd en bleef dus vorige week zondag binnen".