UPDATE: Arriva start busferfier wer op fan 13.00 oere ôf

Ferfierder Arriva start om 13.00 oere al it busferfier wer op. Moandeitemoarn waard de tsjinstregeling stil lein fanwege de izel. Arriva fûn it net langer ferantwurde om troch te riden. It opstarten fan de tsjinstregeling kin al mei al in oere duorje foardat alle bussen wer op tiid ride."Dus gean net al om 13.00 oere by de bushalte stean", advisearret Nikkie Smit fan Arriva.
© Anton Kappers
Nikkie Smit fan Arriva leit út wêrom't Arriva moandeitemoarn om 07.00 oere it beslút naam om de dyk net mear op te gean. "Wy binne fan 'e moarn betiid wol úteinset mei de tsjinstregeling, mar wy ha om 07.00 oere it beslút naam om op te hâlden. Bussen dêr't noch minsken ynsieten, ha harren rûte ôfmakke en ha doe de stalling opsocht."

Tal bussen 'strand' ûnderweis

In oantal bussjauffeurs slagge der net yn de stalling te berikken. Sy 'stranden' ûnderweis. "Foar harren wie it wachtsjen op de helptsjinsten", fertelt Smit. "Gelokkich sieten der gjin minsken yn dizze bussen. Dizze sjauffeurs jouwe oan ús troch wat se op de dyk tsjinkomme. Sy binne ús eagen op de dyk. As sy sizze dat it net fertroud is, dan hâlde wy op mei riden. Om it foar elkenien dúdlik te meitsjen, ha wy besluten om oeral yn Fryslân net mear te riden."

Altyd ride

In fraach dy't in soad minsken ha, is wêrom't Arriva net al earder it beslút naam om net te riden. Smit: "By Arriva ha wy altyd as foarnimmen om gewoan te riden, sels by koade read. As de haaddiken feilich binne, dan kin dat. Justerjûn ha wy reizigers wol alfêst op 'e hichte brocht en advisearre om ús webside goed yn de gaten te hâlden."
Op it spoar hie Arriva gjin lêst fan de izel. De treinen koene gewoan ride.
Nikkie Smit fan Arriva
Op de webside fan Arriva kinne reizigers mear ynformaasje fine oer de tsjinstregeling.