Eric Jongsma fan Toppenhuzen gjin winner fan Heel Holland Bakt

Eric Jongsma fan Toppenhuzen is sneintejûn gjin winner wurden fan Heel Holland Bakt. Yn de finale-útstjoering moasten de dielnimmers in spesjale Valentijnslekkernij bakke. De dielnimmers krigen dêrfoar acht oeren de tiid. Winneres waard Elizabeth út Spijkenisse.
© Omroep Max
Jongsma makke in 'bakte luchtballon': eclairs, in millefeuille en tsiiskoekjes mei Riperkrite. De baksels hiene neffens de sjuery net safolle te krijen mei it tema Valentijn, dochs fûnen se de baksels in wiere 'eyecatcher'. Ek de smaak dy't Jongsma oan syn kreaasjes jûn hie, waard troch de sjuery wurdearre.

Stoere Fries

André van Duin oer Eric Jongsma: "Ik vond het ontzettend leuk dat je er was. Je gaf ons een beetje een veilig gevoel. Dat je in de finale staat, vind ik verschrikkelijk knap voor een stoere Fries."
It wie de achtste edysje fan it programma Heel Holland Bakt.