Ingelske Harnzer debutearret op WK ôfstannen: "Super gaaf natuurlijk!"

14 feb 2021 - 20:52

De Olympyske Spelen fan 2022. Dêr wol Ellia Smeding fan Harns mar al te graach útkomme. Mar, we sille har net yn it bekende oranje reedrydpak fan Nederlân sjen. Smeding is nammentlik berne yn Ingelân en rydt foar Grut Brittannië. Dit wykein debutearre se op it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf.

Ellia Smeding oer har reedrydseizoen

Ellia Smeding is berne yn Grut-Brittannië en grut wurden yn in doarpke yn de regio Oxfordshire, by Londen. Har mem en heit hawwe inoar kennen leard yn Londen. Mem is Britsk en is heit komt út Harns. Nei acht jier binne se nei Fryslân ferhuze. Dêr wennet se yn Harns. Har heit is eigener fan Smeding Groente en Fruit yn Sint-Anne.

Op de 1.000 meter ried Smeding sneon tsjin Suzanne Schulting yn de earste rit. In geweldige tiid kaam der net út by har WK-debút: se finishte as 23ste yn in tiid fan 1.19,86. "Het was super gaaf natuurlijk en ik ben nog jong, dus ik ben super blij dat ik hier stond. Maar, ik had er wel iets meer van verwacht. Met de luchtdruk kwamen er niet de snelste tijden uit", fertelt de 22-jierrige Smeding.

It WK is de lêste wedstriid fan it seizoen. It hat in dreech reedrydjier west foar Smeding en Team Frysk fan coach Siep Hoekstra, dêr't se foar rydt. De Alvestêdehal is harren thúsbasis, mar: "Toen ging Leeuwarden dicht, weer open en weer dicht. Dus het was best een moeilijk voorseizoen. In de bubbel kon ik pas echt constant trainen op goed ijs. Ik heb dit seizoen tot het WK kwalificatietoernooi, waar ik als buitenlander aan de start mocht staan, geen wedstrijden gereden."

Ellia Smeding yn aksje op de 1.000 meter op it WK ôfstannen - Foto: Martin de Jong

De Olympische Spelen zijn nog steeds haalbaar.

Ellia Smeding hat noch altyd de Olympyske dream

Dan nei takom jier. Dan binne de Olympyske Spelen. Ferline jier spruts se har al út oer har Olympyske dream en dat is noch net feroarje: "Die is er nog steeds", laket Smeding. "Het komt nu best wel dichtbij, dus het wordt spannend." As alles neffens plan ferrint, dan komt Smeding op sawol de 1.000 meter as de 1.500 meter út yn Peking. Mar, se moat har noch wol pleatse en dat moat fia de wrâldbekerwedstriden. "Je moet snelle tijden neerzetten en ik heb ook te maken met Britse kwalificatietijden, die staan ook best wel scherp. Ze moeten nog bevestigd worden, maar ik denk wel dat het haalbare tijden zijn."

It trajekt nei de Spelen giet se yn mei Team Frysk en coach Siep Hoekstra. "Ik heb daar al vijf jaar getraind en Siep en ik hebben een super goede relatie. We kennen elkaar door en door en ik denk dat dat de beste voorbereiding is voor mij", sa seit Smeding, dy't hopet dat se net de iennige fan Frysk wêze sil dy't har pleatst. "Reina Anema, Marwin Talsma en misschien Peter Michael ook wel", hopet Smeding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)