Meardere skoallen hâlde moandei de doarren ticht fanwege koade read

14 feb 2021 - 19:01

Ferskate skoallen hâlde moandei de doarren ticht. Dit dogge se yn ferbân mei de warskôgingen fan it KNMI. Dy hat koade read ôfjûn foar glêdens troch izel. It giet sawol om basisskoallen as middelbere skoallen.

Foto: Google Street View

Under oare skoalkoepel Proloog hat de âlders mei in email op de hichte brocht fan harren beslút. "We vinden het niet verantwoord om van onze leerkrachten en leerlingen te verwachten dat zij naar school komen." De lessen fan moandei wurde folslein skrast, sa lit de skoalle witte.

Oare skoallen dy't de doarren ticht hâlde binne CBO Noardwest-Fryslân, skoalkoepel Atlanta, It Lauwers College, OSG Sevenwolden, CBO Meilan en AMS yn Frjentsjer.

Op guon skoallen wurde online lessen jûn yn stee fan fysyk. Op oare skoallen binne de bern in dei frij. De skoallen kommunisearje dit yn emails en op harren eigen webside.

Ek binne ferskate needopfang lokaasjes ticht fanwege de glêde diken.

Trefwurden: 
ûnderwiis Proloog koade read
(Advertinsje)
(Advertinsje)