Opnij drok mei iisslachtoffers yn de sikehûzen: 139 minsken moasten holpen wurde

14 feb 2021 - 18:19

It tal iisslachtoffers dat snein binnenbrocht waard by de Fryske sikehûzen leit leger as in dei earder. Dochs giet it opnij om tsientallen minsken dy't brutsen bonken as oar letsel oprûn hiene troch it winterske waar.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De measte slachtoffers waarden binnenbrocht by it Antonius sikehûs yn Snits: 60 stuks yn totaal. Tsjinoer 75 op sneon. It sikehûs hat fanwege de drokte beide dagen opskaald kwa personiel. By it sikehûs yn Snits seagen se benammen in opfallend soad minsken mei ferwûnings oan de holle.

Yn Ljouwert moasten 39 minsken holpen wurde nei in ûngelok op it iis. De measte fan harren hiene in brutsen pols, mar hjir wiene ek pasjinten mei stikkene earmtakken, skouders en kaaibonken.

Stikkene heupe

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean moast snein yn totaal 25 minsken behannelje foar ferwûnings nei oanlieding fan in fal op it iis. Dat is in stik minder as sneon, doe wiene it der úteinlik 50. De measte fan de pasjinten hiene in brutsen pols, mar ek in stikkene heupe kaam foar.

Op de spoedeaskjende help fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten waarden snein 15 minsken binnenbrocht mei iisferwûnings. Hjir gie it foar it grutste part om brutsen bonken. Sneon krigen se yn Drachten noch 29 minsken mei letsel op de earste help.

(Advertinsje)
(Advertinsje)