Koade read fanwege izel moandeitemoarn

Tink derom as je moandei op 'en paad moatte, it KNMI hat in waaralarm ôfjûn foar it folsleine lân. Fanwege de ferwachte izel is koade read fan krêft.
© Omrop Fryslân
Moandei is der yn de rin fan de nacht en yn de moarnsoeren kâns op in ferriederlike glêdens as gefolch fan izel. Fan fiif oere ôf jildt dêrom koade read yn Fryslân. It gebiet mei izel komt fanút it suden op ús provinsje ôf.
De ferwachting is dat de glêdens yn de rin fan de moarntiid ús provinsje wer ferlitte sil, nei it noardeasten.