Dennis Veenker tefreden mei 17e plak op WK bobslydzjen: "Der sit foarútgong yn"

14 feb 2021 - 17:57

De Nederlânske fjouwermansbob is snein santjinde wurden op it WK bobslydzjen yn it Dútske Altenburg. Dennis Veenker fan Damwâld kaam mei Janko Franjic, Joost Dumas en piloat Ivo de Bruin nei fjouwer runs yn 3.40,03 oer de streek.

Foto: ANP

Nei de earste twa runs op sneon stiene de Nederlanners noch 21e. Se moasten snein by de tredde run yn de top-20 einigje om troch te meien nei de fjirde run en dat slagge. Mei troch it útfallen fan fjouwer oare teams kamen de Nederlanners op it achttjinde plak terjochte.

Yn de beslissende fjirde run setten Veenker-en-dy de sechtjinde tiid del. Dat brocht se nei it santjinde plak yn de einstân.

Foarútgong

Veenker is tefreden mei it santjinde plak, fertelt er. "Dit is foar it earst dat wy in folslein WK riden ha. Dat is foar it earst yn fjouwer jier, der sit foarútgong yn. Dus der komt aansen wol in bierke by it iten."

Dennis Veenker

(Advertinsje)
(Advertinsje)